Barbecue Partij Jeugd
Mei briefkes en mailrûndes hawwe wy besocht minsken dúdlik te meitsjen dat men hjir by wêze moat. Dit is goed slagge, der wienen in 70 bbq’ers en dat op memmedei en konkurrearjende oare (jierdei)feesten. By de jeugd in nije klasse, de mini welpen, mei 4 dielnimmers, dy’t dit jier foar’t earst keatse. 3x in oare maat, Tjitte Reitsma wûn syn 1e krânse, 2e waard Hedzer Seffinga, 3e Ineke Reitsma en 4e Rikst Mulder. De welpen, 6 partoeren, 2x keatse yn pûltsjes fan trije. Yn poule 1 wûnen de Saté stokjes mei Marten de Jong en Hester Reitsma de tredde priis troch te winnen fan de Spare Ribs, Jouke Wiersma en Jilke Dijkstra, hja waarden fjirde Om priis en preemje keatsten de Shaslicks tsjin de Braadwursten. Redmer Rozendal wûn yn dizze partij syn earste krânse mei Jeen Arendz en Hendrik Wiedijk. De twadde priis gong nei Riemy Reitsma en Rutger Mulder. By de skoaljeugd binne 4 keats(t)ers, ek hjir 3x yn in oare gearstalling keatse, Bregt Arenz wûn foar Kees Herder, Rutger Fopma en Jesse Heida Dan wie der ek noch jeugd te KNKB keatsen (6) Yn Weidum wûn Amarins de Groot en Jeska Terpstra (Easterein) de 1e priis by de pupillefamkes. Dit wie Amarins har twadde krânse al wer . Ek Jennie Terpstra wûn it. Jennie har earste jier by de skoalfamkes en fuort der wer goed by Tegearre mei Anne Monfils út Kimswert wûn hja it yn de A klasse yn Zurich
Geplaatst op 16 May 2012